Manlju pakt foar drugshannel

29 apr 2012 - 10:33

Twa Ljouwerters fan 31 en 47 jier binne sneontemoarn betiid yn Snits oppakt foar de hannel yn harddrugs. In tsûge seach dat de manlju yn in kroech oan de Kerkgracht drugs ferkochten.

De plysje spruts de twa oan en trof yn har klean ûnder oare fjouwer boltsjes harddrugs en pillen oan. Beide fertochten binne oerbrocht nei it plysjeburo. De drugs binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)