Manlju oppakt om kopertried

10 jul 2006 - 10:24

Twa manlju út Frjentsjer (24) en Ljouwert (25) binne sneontemiddei oanhâlden yn Olterterp. Tsjûgen hiene sjoen dat se mei in oanhingwein dwaande wiene by it âld molkfabryk oan it Boppefjild en de plysje belle.

De plysje fûn op de karre kopertried. Beide manlju waarden eefkes letter op it terrein fan it fabryk oanhâlden. Se binne nei it plysjeburo oerbrocht om heard te wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)