Manlju oppakt nei stellerij

08 jul 2008 - 09:54

De plysje hat moandei yn Ljouwert trije manlju fan 20 en 22 oanhâlden omdat se koart dêrfoar ynbrutsen hiene yn in skoalle. Omstanners hiene de plysje belle oer in ynbraak yn in skoalle oan de Brandemeer.

Se hiene ek sjoen dat de dieders in hûs oan it Van_der_Leckplein yngien wiene. De plysje fûn yn dat hûs in fertochte (22) en in klûs dy´t út de skoalle stellen wie. Yn it hûs dernjonken waarden koart dêrnei de twa oare fertochten oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)