Manlju oppakt nei mishanneling

29 maaie 2010 - 13:33

De plysje op It Hearrenfean hat freed trije manlju oppakt fanwege it mishanneljen fan in man (44) fan It Hearrenfean. Dit barde yn de nacht fan tongersdei op freed. It slachtoffer liet de hûn út en spruts in bromfytser oan dy't neffens him in soad leven makke en sûnder ljocht ried.

De bromfytser waard frege om de brommer út te dwaan. De bromfytser wie it hjir net mei iens en helle der twa freonen by. Dy skopten en sloegen de man, dy't ferwûne rekke oan de holle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)