Manlju oppakt nei klappen

16 apr 2010 - 09:56

Twa manlju út Deventer binne oanhâlden om't se tongersdeitenacht yn Ljouwert in Ljouwerter (20) en in man (18) út Heerhugowaard mishannele hawwe. De plysje hie de manlju út Deventer earder al oansprutsen op harren ferfelende gedrach. Doe't se letter op 'e Nijstêd wiene begûnen se de Ljouwerter en de man út Heerhugowaard te slaan.

Beide manlju rekken ferwûne oan harren gesicht. De dieders binne oanhâlden en sitte fêst op it plysjeburo.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)