Manlju oppakt nei bedriging

13 jun 2008 - 10:08

Yn Lippenhuzen hat de plysje tongersdei twa manlju fan 22 en 24 jier út Drachten oanhâlden op fertinking fan it brûken fan iepenlik geweld. De fertochten fernielden mei in tredde man in stek en it rút fan de achterdoar fan in man (26) út Lippenhuzen. Ek waard de bewenner ferbaal bedrige mei de dea.

De fertochten naaiden út yn 'e auto neidat de bewenner mei in mes achter har oankaam. Se waarden letter yn Drachten oanhâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)