Manlju oppakt foar mishanneling

13 okt 2006 - 13:31

De plysje hat tongersdeitenacht yn Ljouwert fjouwer jonge manlju oppakt. It giet om trije jonges út Ljouwert fan 21, 20 en 18 jier en in jongeman fan 24 jier út Eanjum. Se hiene yn de Doelestege rûzje krige mei trije Ljouwerters fan 38, 34 en 21 jier. Dy trije soene dêrby mishannele wêze.

Yn Snits is in 22-jierrige man oanhâlden foar mishanneling. Hy hie rûzje krige mei in meiwurker fan in kafee oan de Kruizebroederstrjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)