Manlju oppakt foar mishanneling

07 jul 2006 - 14:42

Fjouwer manlju fan 18 oant 24 jier út Skarsterbrêge binne oppakt foar mishanneling fan twa jonges (17 en 18 jier) fan De Jouwer en Fegelingsoard. Se wiene op freed 29 maaie op stap op 'e Jouwer.

Yn in kafee oan de Midstrjitte stjitte ien fan De Jousters by fersin tsjin ien fan de Skarsterbrêchsters oan. Hy en syn maten begûnen te fjochtsjen. De jonges rûnen in blau each, in bloedlip en oare ferwûnings op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)