Manlju oppakt foar lûde muzyk

11 jul 2013 - 11:17

Twa Frjentsjerters binne woansdeitejûn oanhâlden nei klachten oer lûdsoerlêst. Omdat der al faker klachten west hiene, wie in 31-jierrige bewenner fan Albartus Teltingstrjitte sein dat er syn apparatuer kwytreitsje soe as hy wer foar oerlêst soarge. Dat wie woansdei it gefal en doe kaam de plysje om syn lûdsynstallaasje op te heljen.

De Frjentsjerter en ek syn 23-jierrige buorman besochten de plysjeminsken te kearen troch se te bedriigjen. De plysje hat fiif lûdsboksen meinaam en beide manlju nei it plysjeburo brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)