Manlju oerfalle restaurant

24 mrt 2013 - 10:54
  • Plysje-embleem

Twa manlju hawwe sneontejûn in restaurant oan de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert oerfallen. Koart nei fiif oere kamen se de saak yn. Under bedriging fan in mes easken de beide oerfallers jild. Doe't it personiel begong te razen, naaiden de fertochten hurd út, sûnder bút.

De warskôge plysje begûn in sykaksje. Dêrby waard ek in plysjehûn ynsetten. De oerfallers waarden net fûn. De plysje stelt in neier ûndersyk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)