Manlju oerboard op Sleattemermar

30 maaie 2005 - 09:24

Op de Sleattemermar binne sneontemiddei twa manlju út Utrecht en Arnhem oer board slein. Ien fan har rekke ferwûne oan de skonken, troch de skroef.

Hoe't de manlju yn it wetter reitsje koene is noch net bekend. Foarbykommende wettersporters ha de twa út it wetter helle. De ferwûne man is nei it sikehûs ta brocht. De havenmaster en in plysje ha de boat, dy't ûnbestjoerd rûntsjes draaide, wer ûnder kontrôle krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)