Manlju oanholden nei ynbraak

17 jun 2007 - 16:56

Twa manlju út Den Haach (28, 33 jier) en in ynwenner (25) fan Delfgauw binne sneintemoarn betiid oanholden troch de plysje. Om healwei fiven krige de plysje in melding dat der ynbrutsen waard yn in restaurant oan de Langwarderdyk yn Sint Nyk.

De bewenners wiene wekker wurden fan gestommel en hiene fuort 112 belle. De auto mei de fertochten waard letter sjoen op de Skarren. De manlju wegeren stil te hâlden en einigen yn in sleat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)