Manlju oanhâlden nei tanken sûnder te beteljen

08 apr 2015 - 11:41
  • Tankstasjon

Twa manlju fan 41 en 21 jier út Terherne binne tiisdei oppakt omdat se nei in tankbeurt fuortriden binne sûnder te beteljen. It duo hie de auto foltankt mei LPG oan de Drachtsterwei yn Ljouwert en naaide dêrnei út.

In meiwurker fan it tankstasjon hat it kenteken fan de auto opskreaun en oan de plysje trochjûn. Dy koe de manlju thús yn Terherne oanhâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)