Manlju oanhâlden foar wapenbesit

17 des 2006 - 15:59

De plysje hat sneon yn Goutum in Grouster (20) en in man fan deselde leeftyd út Akkrum oanhâlden om't se yn it besit wiene fan in ferbean wapen. In tsjûge hie beide manlju yn in auto sitten sjoen oan de Bredyk en hy tocht dat er ek in fjoerwapen sjoen hie.

De manlju waarden even letter troch de plysje oanhâlden op de Drachtsterbrêge. Yn de auto trof de plysje doe eat oan dat op in wapen like. Dat wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)