Manlju net wolkom yn nij kafee

05 des 2006 - 10:35

Snits krijt in nij kafee dat allinne tagonklik is foar froulju. Kafee Planet op de Singel is de twadde kroech fan it lân der't manlju net wolkom binne.

It moat gjin 'pottekafee' wurde, sa seit inisjatyfnimster Thea Boonstra, mar in hippe kroech dêr't alle froulju gesellich prate en dûnsje kinne. It moat in moetingsplak wêze foar bygelyks bystânsmemmen, mar ek foar lesbo's dy 't in partner sykje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)