Manlju net terjochte oanhâlden

24 feb 2013 - 10:15
  • Plysje-embleem

De plysje hat sneontenacht yn Boalsert fiif manlju út Frjentsjerteradiel oanhâlden. De fiif soene mei in stik hout de ruten fan in kroech oan de Bargefenne fernield hawwe. It stik hout waard fûn yn de auto fan de fiif, boppedat hie ien fan de manlju bloed oan syn hannen. Doe't de plysje dêrnei neifraach die by de kroech blykte dêr neat fernield te wêzen. De fiif binne dêrop wer frijlitten, wol binne har nammen opskreaun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)