Manlju misledigje plysjes

16 jun 2013 - 11:28
  • Plysje

Trije manlju binne sneontenacht oanholden foar it misledigjen fan plysjes. Yn Dokkum waard in 21-jierrige ynwenner fan Eanjum oppakt. Hy misledige de plysje doe't dy foarby ried. Op it Ruterskertier yn Ljouwert frege de plysje in 51-jierrige ynwenner fan de stêd nei syn identiteitsbewiis. De Ljouwerter waard ferfelend en beledige de plysjes. Hy fersette him by syn oanhâlding.

Op de Noardkade yn Drachten wie it in 34-jierrige man út Mearum dy't de plysje útskold. Hy stie tsjin in beam te pisjen. Doe't er in boete krige, waard er lulk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)