Manlju mei wapen oanholden

06 des 2008 - 14:49

Yn Ljouwert binne freedtenacht trije manlju oanhâlden omdat se in fjoerwapen by har hiene. De plysje wie troch in tsjûge tipt dat der op de Weaze in auto stie, wêrút in passazjier ien mei in fjoerwapen bedrige hie.

Doe't de plysjes yn de buert fan de auto kamen, ried dy gau fuort. Op de Hollanderdyk sette de sjauffeur de auto oan de kant. De plysje koe de trije ynsittenden doe oanhâlde. It fjoerwapen is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)