Manlju mei kokaïne oppakt

01 feb 2011 - 10:50

De plysje hat moandei yn Drachten in Utrechter (31) en in man út Geleen (42) oanholden omdat se harddrugs by har hiene. De plysje seach dat de twa by it ynheljen it oare ferkear yn gefaar brochten. Boppedat doochde de ferljochting fan 'e auto net.

De plysje joech in stopteken, mar dêr waard net op reagearre. Uteinlik slagge it de plysje de auto oan de kant te setten. Yn 'e auto trof de plysje in pûdsje mei kokaïne oan. De auto en de drugs binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)