Manlju mei himp trapearre

13 jan 2013 - 09:54

Op it parkearterrein fan in tankstasjon oan de A7 by Terwispel binne sneontemiddei twa manlju út Wolvegea oanhâlden, omdat se in grutte partij himp by har hiene. Surveillearende plysjes woene de auto kontrolearje. Se joegen de bestjoerder in stopteken. Op it parkearplak ûntduts de plysje in tas yn de auto wêrfan't ien fan de manlju net fertelle woe wat der ynsiet. Doe't de plysjes der dochs ynseagen, fûnen se tsientallen himptoppen. De twa Wolvegeasters waarden oanhâlden en de auto is yn beslachnaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)