Manlju mei grutte messen

31 jan 2009 - 14:23

Twa manlju fan 21 en 26 jier binne freed oanholden yn Ljouwert, omdat se har misdroegen hiene yn in kroech. De eigneresse fan de saak, oan it Herenwaltje, hie har al in pear kear frege oft se fuortgean woene, mar dat diene se net.

De plysje waard der doe byhelle. Dy ûntduts dat ien fan de twa manlju twa grutte messen by him hie. De manlju binne fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)