Manlju mei fermist famke pakt

29 maaie 2013 - 10:42

De plysje hat tiisdeitejûn twa manlju yn Ljouwert oanhâlden. Plysjes seagen op de Wurdumerdyk in famke fan 17 rinnen mei in âldere man. De plysje wist dat it famke fermist waard. Fan de man, in 52-jierrige Ljouwerter, is bekend dat er oan drugs ferslave is. Hy is oanhâlden op fertinking fan it ûntlûken fan it famke oan it âlderlik gesach. Ek in oare man, in Ljouwerter fan 34, soe by dizze saak belutsen wêze. Hy is ek oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)