Manlju mei falsk jild oanhâlden by kontrôle yn Noardburgum

19 des 2015 - 10:55

Twa Ljouwerters fan 24 en 22 jier binne freedtejûn by in ferkearskontrôle yn Noardburgum oanhâlden. De plysje fûn yn harren auto in soad jild, in mes en fiif mobile tillefoans. By it jild siet ek in falsk biljet fan fyftich euro.

De manlju koene net útlizze hoe't se oan dat guod kamen. Se binne foar neier ûndersyk meinommen nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)