Manlju mei drugs pakt op Iewâl

21 jul 2012 - 14:29
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

Twa Ljouwerters fan 41 en 55 jier binne freedtenacht oanholden om't se harddrugs by har hiene. De manlju waarden kontrolearre op de Iewâl yn de binnenstêd. Mei-inoar hiene se fjouwer boltsjes harddrugs by har.

De jongste fertochte hie ek noch 1200 euro oan kontanten by him. Dat jild is yn beslach naam. De twa manlju hawwe proses-ferbaal krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)