Manlju mei drugs oppakt

23 jul 2009 - 09:53

Twa manlju (25) út Frjentsjer binne woansdeitejûn yn Ljouwert oanhâlden om't se drugs en wapens by har hiene. De plysje die ûndersyk nei in autoynbraak by in garaazje en seach de mânlju yn 'e buert fan de garaazje riden. Yn 'e auto fan de mânlju seagen de plysjes 25 wikkels mei werskynlik kokaïne, pepperspray en in kneppel.

De twa binne oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo. De auto is yn beslach nommen, omdat de bestjoerder net fersekere wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)