Manlju knoeie mei gokkast

06 jun 2013 - 10:27
  • Plysje-embleem

De plysje hat yn Drachten woansdei twa manlju út Grins en in Belch oanhâlden fanwege it manipulearjen fan in gokkast. Ien fan de Grinzers wie yn in kroech oan de Noardkade achter in gokkast sitten gien. De eigner fan de saak hie sterk it fermoeden dat de man de masine manipulearre hie. De kast joech sokke hege skoares oan, dat der te min jild yn siet om út te kearen.

De eigner helle dêrom de plysje derby. Dy hat de man en syn twa maten, dy't bûten stiene te wachtsjen, meinaam nei it buro. De haadfertochte waard fêstsetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)