Manlju heart foar mishanneling

24 okt 2014 - 13:50

De plysje hat seis manlju oppakt foar de mishanneling fan twa portiers op It Hearrenfean in pear wike lyn. It giet om twa manlju fan 20 en 28 jier fan It Hearrenfean, twa manlju fan 18 jier út Snits, in 20-jierrige ynwenner fan Súdwest-Fryslân en in 25-jierrige man út Sint Nyk.

De manlju soenen de beide portiers fan 53 en 56 jier skopt en slein hawwe. De situaasje eksplodearre doe't ien fan de Snitsers út in hoarekasaak op de Vleesmarkt setten waard. Dêrop krige de portier klappen. Syn kollega woe him helpe, mar waard ek mishannele.

De seis fertochten binne heard troch de plysje en dêrnei wer frijlitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)