Manlju fûn fan ûngelok Triemen

09 sep 2009 - 10:19

De plysje hat tiisdei de twa mannen fûn dy't nei in ûngelok trochriden wienen. It giet om twa Kollumers (21 en 24 jier). Se wiene mei har auto op de Triemsterloane yn De Triemen fol ynriden op in fytser. Dêrnei naaiden se út. Se ha yntusken bekend.

De plysje skeakele Burgernet yn en die in oprop op Omrop Fryslân radio. De plysje krige tips fan tsjûgen. Oan de hân dêrfan waard de auto fan de fertochten fûn yn Feankleaster. De manlju binne úteinlik yn Aldwâld fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)