Manlju foar berne-opfang socht

03 aug 2004 - 10:21

De oankundige kampanje om mear manlju oan it wurk te krijen yn de berne- opfang is in moai inisjatyf, mar sil net folle opsmite. Dat is alteast de ferwachting fan frou Bisseling fan de Stichting Berne-opfang Ljouwert (SKL).

De stichting hat sels jierrenlang omsjoen nei manlike groepslieders, mar sûnder resultaat. Neffens saakkundigen fan it Nederlands Instituut Zorg en Welzijn begripe manlju jonkjes better en kinne se ek better mei se omgean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)