Manlju ferwûne by ûngelok

13 apr 2013 - 15:01

Twa 18-jierrige manlju út de Drintske gemeente Westerveld binne freedtenacht ferwûne rekke by in ûngelok by Boyl. By de Meulefjildwei rekke de bestjoerder de macht oer it stjoer kwyt, wêrtroch de auto op de kop yn de sleat telâne kaam. De manlju koene sels út de auto klimme. Se hiene lichte ferwûnings en moasten mei de ambulânse nei it sikehûs.

Fan de bestjoerder is in bloedproef ôfnaam, omdat er mooglik ûnder ynfloed fan alkohol wie. Hy hie gjin rydbewiis. Der wurdt proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)