Manlju fertocht fan stellen koperen buizen út skoalle Snits

26 jul 2015 - 12:54

De plysje hat sneontenacht yn Snits twa manlju oanhâlden fanwege it stellen fan koper. It giet om in man fan 20 út Assen en ien fan 19 út Snits.

Om healwei trijen hinne krige de plysje de melding fan in ynbraak yn in skoalle oan de Almastrjitte. Doe't se by de skoalle kamen, seagen de plysjes de twa manlju. By kontrôle die bliken dat se stikken koperen buis by harren hienen. Nei alle gedachten komme dy út de skoalle. De twa hienen ek ynbrekkersark by harren, wêrûnder in betonskjirre. Se binne foar fierder ûndersyk fêstset op it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)