Manlju betrape by ynbraak Poppenwier

24 des 2015 - 09:47

De plysje hat woansdeitenacht twa manlju fan 27 en 36 jier út in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân oanholden. Se waarden betrape doe't se oan it ynbrekken wiene yn in loads oan de Marsherne yn Poppenwier.

In tsjûge seach dat der in auto by de loads stie. Hy fertroude it net en belle 112. De plysje gie derhinne en koe de beide fertochten oppakke. Yn de loads stie allegear guod klear dat de twa meinimme soene.

By fûillearing fûn de plysje by ien fan de fertochten twa buskes mei pepperspray. Dy binne yn beslach naam. Beide manlju sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)