Manlju betrape mei kilo's himp yn auto

21 apr 2016 - 12:20

De plysje hat woansdeitejûn op de A7 by Terwispel inkelde kilo's himp fûn yn in auto. De twa ynsittenden binne oanholden. It giet om in 25-jierrige man út Emmeloord en in man fan 31 jier sûnder fêst wenplak.

By de plysje kaam in melding binnen dat de beide manlju fertocht diene op it parkearplak fan in tankstasjon. Doe't de plysje dêr oankaam, wie it duo krekt fuortriden. By Terwispel seagen de plysjes de manlju riden en waard de auto oan de kant setten. Yn de wein trof de plysje  kilo's himp oan.

De drugs en de auto binne yn beslach naam. Beide fertochten sitte fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)