Mankemint rêdingsboat Skier

26 nov 2012 - 12:48
  • Rêdingsboat KNRM

De rêdingsboat fan de KNRM op Skiermûntseach krijt moandei nije ûnderdielen om wer goed op snelheid farre te kinnen. Snein wie de rêdingsboat ûnderweis nei in Brits frachtskip wêrfan't twa bemanningsleden oerboard fallen wiene. Dat barde sa'n 100 kilometer boppe Skylge. Healwei de reis krige de Kening Willem 1 lykwols problemen mei de oandriuwing wêrtroch't er minder hurd farre koe. De aksje waard fanwege de feiligens staakt.

Ien fan de twa bemanningsleden fan it Britse frachtskip is snein troch in helikopter dea út it wetter helle. Moandeitemoarn is der noch socht nei de twadde, mar dy man is net fûn. De sykaksje is nei oerlis mei oanbelangjenden staakt, meldt de Kustwacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)