Manifestaasje Drachten útsteld

24 apr 2012 - 18:06
  • Drachten

De manifestaasje Drachten Wil Je Meemaken, dy't pland stie foar july dit jier, wurdt ferskood nei 2013. Neffens de organisatoaren is de belangstelling foar it evenemint goed, mar is der op dit stuit te min tiid om alles goed ta te rieden. De tariedings foar Drachten Wil je Mee Maken geane foarearst wol gewoan troch, mar wurde no dien foar 2013.

De tiid dy't troch it ferskowen frijkomt sil brûkt wurde om besteande plannen fierder út te wurkjen. De plande petearen mei dielnimmende bedriuwen en ferienings sille foarearst gewoan trochgean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)