Manifest gaswinning: Fûns foar reparaasje fan de skea

19 apr 2016 - 12:35
  • De oanbieders fan it manifest yn Den Haag

Der moat in fûns komme foar reparaasje fan skea oan gebouwen dy't ûntstien is fanwegen de winning fan gas. Dat stiet yn in manifest dat in delegaasje fan de provinsje en in tal Fryske gemeenten tiisdeitemiddei yn Den Haach oanbiede oan de leden fan de kommisje Ekonomyske Saken. It manifest is bedoeld om tastannen lykas yn Grinslân foar te kommen.

No't de grutskalige gaswinning yn Grinslân mear oan bannen lein is, wurdt der rûnom op lytsere skaal gas wûn. Tink bygelyks oan de winning yn Toppenhuzen. Gefaren as boaiemdelgong komme sa tichteby en dêr moat wat oan dien wurde.

Unfeilich

Ynwenners fiele harren dêrtroch ûnfeilich, seit wethâlder Isabelle Diks fan de gemeente Ljouwert as oanfierder fan de delegaasje. Njonken har binne ek deputearre Schrier en in pear wethâlders mei nei Den Haach ta.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)