Manifest foar himptylt-proef

20 des 2013 - 11:37
  • Himp

Ljouwert en Smellingerlân lizze har der net by del dat se net proefdraaie meie mei it regulearjen fan himptylt. Minister Opstelten wol it proefdraaien net lije. De boargemasters Ferd Crone fan Ljouwert en Tjeerd van Bekkum fan Smellingerlân wolle no mei in manifest de druk opfiere op it kabinet, om dochs troch de bocht te gean.

Dit manifest is mei-ûndertekene troch boargemasters fan mear as tweintich oare gemeenten. Dy wolle ek sjen oft it regulearjen fan himptylt in ein meitsje kin oan de oerlêst fan illegale himpkwekerij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)