Manifest CDA-leden tsjin PVV

12 aug 2010 - 10:08

In groep fan 44 CDA-leden hat de partijlieding yn in manifest oproppen om op te hâlden mei de ûnderhannelings oer in nij kabinet mei de PVV. Under de leden, dy't it manifest tekene ha, sitte 9 Friezen, lyk as Sytze Faber, Jan From, Frans Kuipers, Gabriel Anthonio en Klaske van den Berg.

Neffens de groep ûndergrave de stânpunten fan de PVV de rjochtssteat. CDA-foarman Maxime Verhagen moat him mei koarten ferantwurdzje op in partijkongres.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)