Maneezjes organisearje iepen dei foar minsken mei beheining

06 nov 2015 - 22:29

Minsken mei in beheining op it hynder krije, dat wolle de maneezjes yn Fryslân. Yn gearwurking mei it FoppeFonds organisearje se sneon in iepen dei. Ien fan de maneezjes dy't meidocht oan it saneamde '100 pk projekt' is maneezje Under de Linde yn Beetstersweach.

It doel fan de aksje is om hûndert pararuters entûsjast te meitsjen foar de sport. Neffens Jannie Russchen, ynstruktrise by Under de Linde, is hynsteriden in prachtich aventoer foar minsken mei in beheining: sawol fysyk as sosjaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)