Maneezje Ketlik ticht

14 nov 2010 - 10:37

De maneezje yn Ketlik hâldt nei tolve jier op te bestean omdat it gebou net mear oan de hjoeddeiske easken foldocht. De maneezje wol dêrom ferbouwe, mar krijt dêrfoar nei eigen sizzen gjin tastimming fan de eigner fan it gebou.

Earder dit jier socht rydferiening De Tjongerruters al in oare lokaasje omdat de maneezje ek net oan de easken fan it bûn foldocht. De maneezje giet oer in pear wiken ticht. De hynders en ponnys wurde ferkocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)