"Manchester United hat belangstelling foar Jerry St. Juste"

21 sep 2015 - 12:35
  • Jerry St. Juste fan SC Hearrenfean

HearrenfeanferdigerJerry St. Juste stiet yn de belangstelling by Manchester United. Dat skriuwt de Ingelske krante Daily Star. De topklup út Manchester soe de ûntwikkelings fan St. Juste folgje, omdat er ien fan de bêste jonge spilers fan Nederlân is.

De 18-jierrige spiler hat dit jier in basisplak yn it earste alvetal fan Sportklup Hearrenfean. St. Juste makke ferline seizoen syn debút yn de earedivyzje. Hy spile oant no ta njoggentjin wedstriden yn de heechste klasse fan Nederlân.

De Daily Star skriuwt dat de Nederlânske coach fan Manchester United, Louis van Gaal, oare jonge spilers út de earedivyzje ek yn 'e gaten hâldt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)