Mancadans yn brûklien of keapje

08 feb 2006 - 18:56

It Fries Museum wol besykje om op syn minst ien fan de seneamde Goudstikkerskilderijen yn brûklien te hâlden of sels te keapjen. Trije doeken fan de Fryske skilder Mancadan moatte werom nei de erven-Goudstikker, sa hat it Ryk beslist.

De Joad Goudstikker stoar yn 1940 op de flecht foar de nazi's. It Fries Museum sil de neibesteanden freegje of it ien fan dy skilderijen wer yn brûklien krije kin. Keapje is ek in mooglikheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)