Manager foar Polderhoofdkanaal

13 apr 2010 - 17:12
  • In nije prosesmanager moat de saak opnij besjen

In prosesmanager moat de weriepening fan it Polderhoofdkanaal tichteby bringe. Peter Brokke fan it buro Oranjewâld moat alle stappen dy't noch nedich binne om it Polderhoofdkanaal wer befarber te meitsjen yn kaart bringe.

Dit wie ien fan de oanbefellings út it rapport fan de kommisje Hermans oer it Polderhoofdkanaal. Ut dat rapport die bliken dat de tariedings fan it projekt net goed wiene, wêrtroch in soad fertraging ûntstie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)