Man yn nekke stutsen yn kroech

08 des 2007 - 15:21

In 32-jierrige Ljouwerter is freedtenacht yn de nekke stutsen yn in horekagelegenheid oan de Nijstêd yn Ljouwert. Meiwurkers seagen dat it slachtoffer ûnder it bloed siet en bellen de plysje en de ambulânse.

It bedriuw hat fuort de doarren ticht dien, sadat de plysje fan alle oanwêzigen gegevens opskriuwe koe. De plysje hat noch gjin idee wat him ôfspile hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)