Man yn Ljouwert út de tiid rekke troch fûstslach

18 jul 2015 - 13:25

In 19-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan freed op sneon oanhâlden nei't er op it Ruterskertier mei de fûst in oare man yn it gesicht slein hie. It slachtoffer bleau nei de klap op strjitte lizzen.

In plysjeman seach it foarfal en hâlde de Ljouwerter oan. De man sit noch fêst, it slachtoffer is foar kontrôle nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)