Man yn Ljouwert oppakt fanwege drugs- en messebesit

28 des 2015 - 21:51

De plysje fan Ljouwert hat moandeitemiddei in man oanhâlden dy't drugs en messen by him hie. In fytsplysje seach dat de man de strjitte oerstuts, wylst er drok dwaande wie mei in plestik pûdsje, dêr't in wyt poeier yn siet.

Doe't de plysje him oanspruts, joech de man ta dat it om speed gong. Hy hie ek noch twa messen yn de bûse. De plysje hat de messen en de drugs yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)