Man yn Ljouwert berôve

16 jun 2011 - 10:32

In man (53) út Menameradiel is woansdeitenacht yn Ljouwert berôve. In frou (22) út Ljouwert bedrige de man yn de Heerestrjitte mei in mes en easke jild. Der ûntstie in wrakseling. Dêrby pakte de frou guod fan de man. Se ruile de spullen foar jild fan it slachtoffer.

De frou naaide út, mar waard letter yn de Krússtrjitte oanhâlden. Se sit noch fêst. It slachtoffer rekke licht ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)