Man yn hân stutsen

26 jan 2014 - 13:40

Yn in hûs oan de Barent Fockesstrjitte yn Ljouwert is sneontejûn in man fan 43 jier ferskate kearen yn 'e hân stutsen by in rûzje. Doe't de plysje dêr kaam, wiene noch twa oare manlju yn it hûs. Dy binne beide oanhâlden.

De trije manlju hiene spul mei-elkoar krige, mar wêroer en wêrom moat noch útsocht wurde. Dúdlik is wol dat se alle trije ûnder ynfloed fan alkohol wiene. De 43-jierrige man is mei syn stekwûnen nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)