Man yn 'e war by benzinestasjon

28 sep 2003 - 00:00

By in benzinestasjon oan de N31 by Surch is sneontemiddei in man fan 55 jier oanhâlden dy't yn 'e war wie. Hy foel klanten lestich en bedrige in meiwurkster fan it tankstation. Ek stapte er samar by ien yn 'e auto omdat er perfoarst meiride woe.

De man rûn op 't lêst de dyk op en brocht sa himsels en it ferkear yn gefaar. Doe is de plysje warskôge dy't him oppakte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)