Man yn 'e brân yn caravan

20 aug 2011 - 14:40

By in caravan op in camping oan it Tsjamkedykje yn Balk hat freedtenacht brân west. De bewenner woe in gaskacheltsje foar de caravan útdwaan, mar dat slagge net. Der ûntstie in stekflam, dêr't de man fan yn de brân rekke. Hy hie brânwûnen oan de holle en de fuotten.

De man is mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehús, syn frou kaam mei de skrik frij. De caravan rekke skansearre troch de brân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)